Samenwerkende partijen:
en sympathisanten van:

Bou mear | nei ferlet

30/01/2025, 13:27

En oppenij leit der in ambitieus plan foar apparteminten yn de Westereen.
De fraksje fan Sociaal Links tinkt der wat fan.
Johan Wijbenga sei it (likernoch sa) yn de ried: 

Foar ús leit it riedsfoarstel om in “Verklaring van geen bezwaar” ôf te jaan foar it plan om 24 apparteminten te bouwe op de lokaasje Noarder Stationsstrjitte 81 yn de Westereen.
Op sich liket dit wol in mooi plan en de fraksje fan Sociaal Links fynt it ek prachtich dat er inisjatieven ontwikkele  wurde,
Mar Sociaal Links hat hjir dochs ek wol wat betinkingen by:
Sa’t as’t wy witte steane d’er yn de Westereen nochal wat plannen foar apparteminten yn de steigers.

  • It âlde biblioteek-terrein x 16 apparteminten
  • âlde Baarsma/Bentex x 16 apparteminten
  • Ir âlde skoalle-terrein oer it spoar x 12 apparteminten

En no dit kompleks fan mar leafst 24. Yn totaal mear as 60 apparteminten !
Dit jout te tinken. Sa folle apparteminten foar in dorp as de Westereen
Nei ús betinkst it is dat wat “oer de top”
Neffens ús is hjir is gjin ferlet fan !  
En dus wurdt der aenst foar leechstand bout en dat moatte wy net wolle !
Boppedat: de projekten dy’t wy hjir goedkart ha (de bieb en de âld skoalle) dy binne mear as trije hier lyn yn de Rie besprutsen en der is noch neat fan op’e hispel kaam.
Wer heakket it? Hoe ken dat…..  en kinne wy dat ek ‘stjoere’?

Antwurd fan de wethâlder: projekten lykas dizze duorje altiid lang, en dan ha wy it noch net iens oer as der beswierskiften yntsjinne wurde.

Koartsein: de fraksje fan Sociaal Links is akkoord gean mei dit reidsfoarstel mar bliuwt sizzen:
bou mear nei ferlet

Zie ook het krantenbericht HIER

Volgend bericht