Samenwerkende partijen:
en sympathisanten van:

UPDATE: Verhoging OZB

09/07/2019, 11:53

Justerjûn waard yn de ried fan Dantumadiel in amindement fan de CDA behannele.
It amindemint:

It CDA ropt op de Perspectiefnota oan te fullen mei:
Het college opdracht te geven om de Onroerend Zaak Belasting (OZB) maximaal te laten stijgen tot het tarief welke in de gemeente NoardEast Fryslân wordt gehanteerd

In frjemd amindement (en boppedat te betiid) fûn de koalysje. It Herstelplan moat noch bepraat wurde en deryn besprekt de ried hoe om te gean mei de jildsoargen. Om dan no al út te gean fan in hegere OZB fynt de koalysje van SociaalLinks, Gemeentebelangen en CU  “voorbarig”.

Ter ynformaasje:
De OZB yn NoardEast Fryslân is 0,1688% van de WOZ-waarde fan in hûs.
Foar in hûs fan € 200.000 moat dan € 337,60 OZB oan de gemeente betelle wurde.
Yn NoardEast Fryslân stean 13.358 keapwennings mei in gemiddelde WOZ-waarde fan € 158.000
Dat hat yn 2018 de gemeente € 5.269.193 opsmiten.

De OZB yn Dantumadiel is 0,1411% fan de WOZ-waarde fan in hûs.
Foar in hûs fan € 200.000 moat dan € 282,20 OZB oan de gemeente betelle wurde.
Yn NoardEast Fryslân stean 5.090 keapwennings mei in gemiddelde WOZ-waarde fan € 174.000
Dat hat yn 2018 de gemeente € 1.948,344 opsmiten.

As Dantumadiel de OZB mei 0,0277% ferheget (op it nivo fan NoardEast Fryslân) levert dat (allinne op de wenhûzen) al € 245.327 oan ekstra ynkomsten op (mar gean de wenlasten foar de ynwenners fan Dantumadiel dus mei sa’n 28 euro per € 100.000 WOZ waarde omheech)

Litte wy net fergjitte dat der foar de ynwenners fan Dantumadiel ek noch are wenlasten binne as de OZB!

By de “wenlasten” wurde ek de Rioolheffing en de Afvalstoffenheffing rekkene.

Ter ynformaasje:
Tarieven Rioolheffing NoardEast Fryslân: voor woningen: € 250,20 per jaar
Tarieven Rioolheffing Dantumadiel: voor woningen: € 216,24 per jaar

Tarieven Afvalstoffenheffing NoardEast Fryslân: voor 1-persoons huishoudens: € 192,60 en voor 2-persoons huishoudens: € 273,60 per jaar
Tarieven Afvalstoffenheffing Dantumadiel: voor 1-persoons huishoudens: € 197,88 en voor 2-persoons huishoudens: € 247,20 per jaar

In foarbyld:
In “meerpersoons-huishouden” mei in hûs fan (WOZ-waarde) € 150.000 betellet yn NoardEast Fryslân oan “gemeentelijke belastingen”:
Oan OZB: € 253,20, oan Rioolheffing € 250,20 en oan Afvalstoffenheffing € 273,60 = € 777,00 per jier = € 87,55 per moanne

In “meerpersoons-huishouden” mei in hûs fan (WOZ-waarde) € 150.000 betellet yn Dantumadiel oan “gemeentelijke belastingen”:
Oan OZB: € 211,65, oan Rioolheffing € 216,24 en oan Afvalstoffenheffing € 247,20 = € 675,09 per jier = € 56,25 per moanne

Ynwenners fan NoardEast Fryslan binne sa  € 31,25 yn ‘e moanne mear kwyt oan gemeentlike belêstings.

De fraksje fan Sociaal Links fûn it no al oantrúne op in OZB-ferheging te betiid. Litte we earst mar ris wachtsje op in Herstelplan. Ek SociaalLinks is ré konstruktief en kooperatief mei te wurkjen it húshâldboekje fan Dantumadiel op oarder te krijen.

 

UPDATE: in het kader van het Herstelplan (om de Algemene Reserves van de Gemeente Dantumadiel weer op orde te krijgen) is dinsdag 5 november besloten
de OZB te verhogen tot het (oude niveau) van de Gemeente Noardeast Fryslân. Wat dat betekent voor de inwoners van Dantumadiel schrijven wij in ons bericht: Herstelplan

 

 

Vorig bericht
Volgend bericht
Wordpress login
Webmail