Samenwerkende partijen:
en sympathisanten van:

Verordening Geurhinder

29/01/2020, 15:52

Het was een bewogen raadsvergadering gisteravond. Een van de bespreekpunten was een aanpassing van de zgn “Verordening Geurhinder Veehouderij”
Een nogal ingewikkeld verhaal waarvoor de fractie intensief in gesprek is geweest met een betrokken veehouder, met omwonenden en met een Omgevingsbureau.
Met een aangepaste verordening zouden 12 boerenbedrijven de kans krijgen uit te breiden richting bewoning. Hoewel ook onze fractie weet dat het wonen in een agrarische gemeente als Dantumadiel bepaalde “hinder” met zich meebrengt (tractoren, geur- en geluidshinder), waren wij toch tegen de verordening.
Sociaal Links heeft niets tegen boeren, maar vindt wel dat anno 2020 de trend van groot-groter-grootst moet worden doorbroken.
Sociaal Links pleit dan ook voor innovatief, groen, duurzaam, natuur-inclusief en circulair “buorkjen”

Fractiegenoot Johan Wijbenga zei het zo:

De geur verordening …. hat nogal wat fuotten yn’e ierde. Dizze saak liket tige kompleks, mar foar ús eins hiel ienfaldich. Noch ôfsjoend fan de technyske feiten en legale tûkelteammen,
is foar ús as fraksje fan Sociaal Links, de saak net hiel yngewikkeld.

Sa’t yntusken dúdlik wurden is, binne der sûnt de feroardening fan 2008 gjin plannen foar útwreiding fan agraryske ûndernimmers / boeren nei boppe kaam.
Mei oare wurden, dat d’er no ynienen in protte boerebedriuwen op slot komme te sitten sil wol wat tafalle.
De drygjende ferhalen fan LTO / fertsjinwurdigers fan de boeren oer de teloorgong fan de boerenstân kinne wy dan ek mei in kerrel sâlt nimme.
Neffens de wethâlder wurde, mei it oannimmen fan dizze feroardening, de fouten yn’e feroardening fan 2008 weromset.
Troch de útspraak fan de Hege Ried is de definysje fan “bebouwde kom” feroare en soe dus de feroardening oanpast wurde moatte, yn de geast fan hoe ‘t de Ried de feroardening doetiids bedoeld hie. Wie de Ried doetiids fan miening dat alle boeren mar útwreidzje moatte koenen, no yn 2020 leit de wrâld der hiel oars hinne.

Tiden feroarje en hoe ‘t de Ried doetiids oer saken tocht is no misskyn net mear fan tapassing. Tiden feroarje en ynsichten ek.
Mei de wittenskip fan hjoed kinne wy oars beslúte en tinke as doetiids
As wy dizze feroardening oannimme dan ha in protte boeren yn ús gemeente yn prinsipe wer frij spul om út te wreidzjen.

MAR, wolle wy dat wol ? Moatte we dat wolle?    

Seker yn it ljocht fan de resente untjouwings, is it misskyn net sa tûk om ten koste fan alles mar oan te trúne op útwreiding fan boerebedriuwen It is sels sa dat wy misskyn wol werommoatte yn skaal. Grutter is net altyd better !
It miljeu is it wichtigste wat er is. En wy kinne om ús hinne sjen wat grutskalichheid feroarsaakt hat.
It regear wol boeren útkeapje, om’t der tefolle boeren binne Wy produsearje foar de wrâld mar blieuwe efter mei de troep: Stikstof en ammoniak problemen,
Greiden as biljert lekkens (ek wol “grasfalt” neamd), wer’t hast gjin fûgels mear libje kinne
De iensidegens straalt ‘er ôf.

En is dat wat wy wolle ? De tiid hellet ús yn.
Wat doetiids koe of gewoan wie, is no oars en net mear sa fansels.
De winst moat wat ús oanbelanget perfoarst net komme út grutter en mear, mar út
innovatyf, grien, duorsum en sirkulair buorkjen.
Hjir binne de foardielen te heljen.

Boppedat is it sa dat wy hjir as Ried net allinnich foar de agraryske ûndernimmers, ic de boeren sitte.
Net eltse ynwenner is boer, mar wol is eltse boer is ynwenner
En ynwenners moatte gjin lêst fan innoar ha.
Dus moatte wy alle belangen ôfwege. 
Dat betsjut dat wy mei alle belangen rekken hâlde moatte.
En dus net perfoarst kieze foar de belangen fan inkele agraryske ûndernimmers
Wy ha ús ferantwurdelikens tsjinoer de boargers, de ynwenners en ús kiezers yn dizze moaie gemeente.

Dizze feroardening hoecht, wat (in gedielte fan) de fraksje fan Sociaal Links oanbelanget, net oannaam te wurden.
Lit dúdlik wêze dat dit perfoarst net in ienfâldige kar wie, mar dat wy yn dizzen dan dochs wol foar de mearderheid fan de ynwenners kieze.

Wy sille dan ek tsjin stemme.

Het mocht niet baten, met alleen de steun van de FNP (en door afwezigheid van onze fractievoorzitter Hilda) en Johan en Auke, is de nieuwe Geurverordening gewoon goedgekeurd.
Jammer, maar we hebben ons best gedaan.

Het verhaal stopt hier nog niet. Gemeentebelangen diende een amendement in om de aangepaste geurverordening vooralsnog alleen te laten gelden voor het bedrijf van Maatschap vd Weg in Feanwâldsterwâl. Deze veehouder had jaren geleden al om uitbreiding gevraagd en raakte in een juridisch steekspel.
Eigenlijk wilde de (uitgedunde) fractie van Sociaal Links “voet bij stuk” houden en ook tegen deze aanpassing van de verordening stemmen.
Ons werd echter dringend verzocht tenminste met 1 persoon van Sociaal Links VOOR het amendement te stemmen, zodat het amendement zou worden aangenomen (en daarmee de zojuist aangenomen nieuwe geurverordening zou worden afgezwakt). Aldus geschiede: Auke stemde VOOR het amendement, welke daarmee met (deze ene stem) meerderheid werd aangenomen.

Liever blijven we bij onze eigen ambities en willen ons eigen geluid leaten horen in Dantumadiel …..

 

Vorig bericht
Volgend bericht