Warmte Transitie | UPDATE 2
01/12/2021, 13:24
oftewel: hoe komen we van het gas af?
In de raadsvergadering van 30-11-21 werd de TransitieVisie Warmte van de Gemeente Dantumadiel behandeld.
en uiteindelijk -unaniem- goedgekeurd.
Woordvoerder Auke Sikma:
De fraksje Fan Sociaal Links hat noch wol wat fragen en opmerkings:
Utgongspunt fan de TVW is goed rekken te hâlden mei “energy-earmoed”. Dat kin ûs fraksje tige ûnderskriuwe.
Wy hoopje dan ek dat dit it útgongspunt bliuwt de kommende jierren.
Yn de fysje stiet dat de “transysje nei duorsum” net begjinne moat yn buerten mei lege ynkommens,
mar dat der ek foar soarge wurde moat dat dizze wiken net as lêste oan bar binne.
Fraach 1: Is it net better ek rekken te hâlden mei hûzen en buerten mei de leechste Energy-labels, de minste isolaasje?
Dêr wenje ek (mar net altiid) minsken mei lege ynkommens en hawwe se it meast lêst fanne hege gaspriis.
Is it net better in “match” te meitsjen fan Energy-labels en ynkommen?
Antwurd 1: Dat is yndie better, der sil nei beide saken sjoen wurde
TEO (thermische energie uit oppervlakte water) soe mooglik wêze yn ‘e Westereen (Zwemmer). Op’e ynfoarmaasjejûn is frege wurden
nei de mooglikheden hjirfan yn bygelyks Feanwâlden (Houtwiel en Feanwâldsterfeart) en Rinsumageast (Eeltjemar)
It antwurd wie dat dit tefier fan de bewenning (stroomâfnimmers) leit.
Fraach 2: Wurdt dit noch wol fierder ûndersocht?
Antwurd 2: It kloppet dat de Zwemmer bynamme sa ynteressant is om’t it licht by de hûzen (stroomôfnimmers) leit.
Oare lokaasjes wurde bygelyks net útslúten
Net sa enthousiast is ús fraksje de (wat neamt wurdt) “kansrijke theoretische potentie” fan biogas.
It “fergassen” fan biomassa stiet mear CO2 út as stienkoal en de by-stook fan biomassa is perfoarst net goed foar it bio-ferskaat.
Koart sein: Sociaal Links fynt: mestfergisting lost it mestoerskot net op, levert netto tenei gjin biogas, hâldt de yndustriële feehâlderij yn stân en stonkt.
Yn de TVW wurdt sein dat “collectieven” stimuleert wurde sille.
Fraach 3: Hoe wurdt dit dien? Kin de Wethâlder der fêst wat oer fertelle?
Antwurd 3: Energy-kollektieven as yn Feanwâlden en Driezum wurde stipe en heard.
Der sil -per wenning- in kar wurde makke troch de bewenners, foar hokker oplossing keazen wurdt.
Fraach 4: Krije de bewenners adfys derby?
Antwurd 4: Jawis, der is al in duorsumens-loket
Dantumadiel nimt in soad hea oppe foarke: ûndersyk, koördinaasje, adfys en foarljochting oan en oerliz mei bewenners.
Fraach 5: Kin it gemeentlik apparaat dat wol oan?
Antwurd 5: Net mei de no beskikbere minsken, as der ekstra jild fan it Ryk komt, sille ek ekstra minsken oanlutsen wurde
Ta beslút noch in tip:
Meitsje in priisfraach: wat doarp of wyk hat it heegste persentaazje of it heegste oantal wennings fan it gas,
Bygelyks om de 2 of 5 jier oant 2030 . Fansels mei in earlike start, fanút in 0-mjitting
Reaksje: in goede tip, dy sil genomen wurde