Samenwerkende partijen:
en sympathisanten van:

Erfpacht

29/09/2021, 13:12

In de raadsvergadering van 28 september heeft Auke Sikma, namens onze fractie en die van Gemeentebelangen gepleit voor een onderzoek naar erfpacht (zie ook hier)
als optie voor jongeren en starters op de woningmarkt om een bouwkavel te verkrijgen.
Auke Sikma zei het als volgt:

Doe’t de frou en ik yn 1980 ús hûs kochten wiene wy sels jongerein en starters op’e wenningmerke.
Wy koene by de bank jild liene tsjin 13,4% rinte. De hûzen wiene al wat goedkeaper, mar dochs ….
Tsjintwurdich leit de hypotheekrinte likernoch op sa’n 1,5%
En dochs freegje de fraksjes fan Sociaal Links en Gemeentebelangen om help foar jongerein en starters.
In bouwkavel fan sa’n 400 M2 kostet in Dantumadiel al gau in lytse 60.000 euro, en dan moat der noch in hûs op bouwt wurde.

De fraksjes fan Sociaal Links en Gemeentebelangen freegje it kolleezje de mooglikheid fan erfpacht ris te ûndersykjen.

Om jongerein en starters de kar te jaan, oft sy in boukavel keapje danwol yn erfpacht hiere wolle.
Ut de praktyk docht bliken dat -nei ferrin fan tiid- de measten harren grûn dochs keapje wolle.
Wy wite dat de maksimale lienkapasiteit ferlytse wurdt troch in erfpachtkonstruksje.
Neffens de bank wurdt de maksimale lienkapasiteit sa’n 20 kear de erfpacht-rinte leger.
Mar sûnder oankeap fanne grûn hoecht der ek minder lient te wurden.

Mei de mooglikheid fan erfpacht stipet ús gemeente jongerein en starters op’e wenningmerke
om yn ús gemeente wenjen te bliuwen. Mei in erfpachtkonstruksje binne der likegoed OZB-opbringsten en in jierlikse rinte foar de gemeente.
It binne dan wol útstelde opbringsten, mar dochs ynkomsten.

In moaie pilot hjiryn soe de CPO yn oprjochting (CPO= Collectief Partikulier Opdrachtgeversschap) oan de Bûterblom yn de Westereen wêze kinne.
Nei’t ús fraksje begrypt binne der al kontakten mei dizze minsken west.

De fraksjes fan Sociaal Links en Gemeentebelangen freegje it kolleezje:
Voor 1 januari 2022 te onderzoeken welke (andere) mogelijkheden er zijn om binnen de gemeente vormen van erfpacht in te zetten om jongeren en starters op de woningmarkt te helpen. En de raad hiervan z.sp.m. op de hoogte te stellen. 

En hoopje derby op stipe fan de oare fraksjes yn dizze ried.

Wij wachten af, waar het college mee komt.
De motie werd door de gehele raad (dus unaniem) gesteund.

Vorig bericht
Volgend bericht
Wordpress login
Webmail